Springe nei ynhâld

Meike de Vlas

Ut Wikipedy
Meike de Vlas
sporter
Meike de Vlas en har coach Lien Veenstra, 1964
Meike de Vlas en har coach Lien Veenstra, 1964
persoanlike bysûnderheden
echte namme Meike de Vlas
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 5 septimber 1942
berteplak It Amelân
stjerdatum 8 oktober 2022
stjerplak Oslo flagge fan Noarwegen
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport Roeien
ûnderdiel Skiff
trener Lien Veenstra

Meike de Vlas (It Amelân, 5 septimber 1942 - Oslo, 8 oktober 2022)[1][2] wie in Nederlânsk roeister dy't in sulveren medalje wûn yn de klasse ienpersoansboat (Skiff) by de Europeeske Kampioenskippen fan 1964. Har oarehelte Hadriaan van Nes en dochter Eeke van Nes (1969) wiene winners fan Olympyske medaljes by it roeien.

Op 18 jannewaris 1963 naam De Vlas diel oan 'e Tolfde Alvestêdetocht. Troch de barre waarsomstannichheden ried gjin inkele frou dy tocht út, mar De Vlas, dy't by Froubuorstermole fan it iis helle waard, stie desennia lang te boek as de froulike dielnimmer dy't it fierst kommen wie. Yn jannewaris 2025 kaam lykwols troch nij ûndersyk oan it ljocht dat dy eare eins Annigje van Dijk-Bajema fan Hartwert takaam, dy't oan Bartlehiem ta kommen wie.[3]

Meike de Vlas ferstoar oan kanker yn de âldens fan 80 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berjocht:Citeer web
  2. Famke op het ijs, autobiografysk haadstik yn En toen was er sport / druk 1: 80 verhalen uit de geschiedenis fan J. van Vooren
  3. Boers, Erwin, Op film: Annigje uit Hartwerd kwam het verst in 1963, yn: de Ljouwerter Krante, 4 jannewaris 2025, s. 21.